Fy:Map Making Overview

From OpenStreetMap Wiki
(Redirected from Fy:Mapper)
Jump to navigation Jump to search
Meiïnoar bringe wy de wrâld yn kaart!

De ynfier fan gegevens is op it stuit wrâldwiid it wichtichste foar Iepen Plattegrûn, en dat wurdt dien yn twa stappen. Lykwols hat OSM foar Nederlân goede basisgegevens as stipe ûntfongen fan AND (Ingelsk), dat dêr is it wichtiger de gegevens dy fan likernôch it jier 2000 binne by te wurkjen en dêr ynformaasje oan ta te foegjen, wat oerienkomt mei de twadde stap.

Stappen foar de ynfier

  1. Alderearst, en foar de bûtenminsken it aardichste: Gean nei bûten foar it fêstlizzen fan de de rauwe gegevens. Der binne in protte manearen (Hollânsk), foar kuierders, fytsrûtes (Hollânsk), autoriders, piloaten, treinreizgers, skippers en skelterders.
  2. Hawwe jo ienkear de earste rauwe gegevens fêstlein, dan moatte dy noch ynfierd (Ingelsk) wurde, dat de sintrale OSM gegevensbank jo gegevens oan de grutte kaart tafoegje kin. Foar dizze stap, foar de kompjûterlju it aardichst, wurdt bewurkingssêftguod (Ingelsk) brûkt. Dêrmei kinne jo ynformaasje tafoegje oer paden, strjitnammen, brievebussen, benzinestasjons, einekoaien en eins hast alles wat mar op in kaart set wurde kin.
  3. At dit bart is kinne jo efteroersitte en nei it risseltaat sjen, sa gau dat bywurke is. Of jo kinne wer nei bûten gean en MEAR gegevens fêstlizze.

Tarieding

Wolle jo graach meidwaan? Dan is it goed at jo josels tariede. Dat begjint mei it oanmelden, mar der is noch mear. Oer it oanmelden, de postlist, it foarum en eftergrûn-ynformaasje oer Iepen Plattegrûn kinne jo telâne op de Begjinnersside.

Fêstlizzen

  • De grutte kaart - Besjocht wat der yn jo omkriten al yn kaart brocht is, of earder, wêr't noch ferlet fan is.
  • Kartografysk hânboek - in wiidweidige hânlieding om de gegevens perfekt op de kaart te krijen (Hollânsk).
  • Kaartgegevens - De meest-brûkte marken fine jo hjir (Hollânsk). Lês dizze seksje troch om in idee te krijen fan it soarte fan gegevens dat opnaam wurdt, en hoe at dat dien wurdt. Dat wol fansels net sizze dat jo alles wat dêr stiet opnimmen moatte, of allinnich dat mar opnimme kinne; it is in rjochtline.
  • Gegevens oanbiede - GPS-logs ferstjoere nei de sintrale tsjinner (Ingelsk).

Gearwurkjen

  • Aginda - Bijienkomsten en eveneminten dy't no op de aginda steane (Ingelsk).
  • Projekten - Sykje projekten yn it gebiet dêr't jo binne (Ingelsk).
  • Meidoggergroepen - Fyn in meidoggergroep yn jo omkriten (Ingelsk).

Feroarjen

  • Lês ear't jo begjinne earst wat oer it auteursrjocht (Ingelsk).
  • Lês dan hjir oer it feroarjen (Ingelsk).
  • Merken - linen en punten binne fansels net genôch - jo moatte de diken fansels nog nammen jouwe, de dyksoarten oanjaan en sizze of it al as net ienrjochtingsferkear is. Dat is it merken fan de rauwe gegevens (Ingelsk).
  • Kaartgegevens - Alwer! In dúdlik oersjoch fan alle marken dy't brûkt wurde (Hollânsk).
  • Wy binne dwaande mei it bywurkjen fan de gegevens dy't wy fan AND hân hawwe. Wat noch barre moat fine jo hjir: AND-NL: Todo (Hollânsk).

Risseltaat

Dien! - Wêr is myn kaart?
  • De grutte kaart (Oer de grutte kaart (Ingelsk)). Al jo oanpassings binne uteins (Ingelsk) hjir te sjen. It kin lykwols alris in pear dagen duorje ear't it safier is.
  • Iepen Plattegrûn op GPS - Hawwe jo in gaadlik model GPS-ûntfanger, dan kinne jo de Iepen Plattegrûn der yn opnimme (Ingelsk)!
  • Hjir kinne jo jo gegevens oersette, dat jo dy op Google Earth of Google Maps besjen kinne! Klikje op it tabblêd "Convert", sykje de triem en de foarm, en set it oer.

Grappige saken