Fy:Portal:Press

From OpenStreetMap Wiki
Jump to navigation Jump to search
Iepen Plattegrûn yn The Guardian.

Dize side jout in idee fan de Iepen Plattegrûn foar lju dy't út it each fan sjoernalistyk oer it projekt skriuwe wolle.

Yntroduksje

OpenStreetMap / Iepen Plattegrûn is in projekt dat besiket om frij- en fergees-tagonklike geografyske gegevens oan te bieden foar wa't dêr ek mar belang yn stelt.
It projekt is begûn om't kaarten dêr't men fan tinke soe dat dy frij beskikber binne, ornaris krekt al wetlike of technyske beheinings hawwe, wêrtroch dy net op kreative, produktive of ûnferwachte wizen brûkt wurde kinne.

Meidoggers fan Iepen Plattegrûn nimme GPS-apparaten mei op reis, of geane der op út krekt om GPS-spoaren op te nimmen. Hja lizze strjitnammen, plaknammen en oare bysûnderheden fêst op skriuwblokken, digitale kamera's en stimopnimmers.

Werom efter de kompjûter, bringe de meidoggers de GPS-spoaren, dy't fêstlein hawwe wêr't hja west hawwe, oan by de gegevensbank fan OSM. Mei help fan dy spoaren foegje hja de diken ta oan de gegevensbank dy't it projekt sa yn gearwurking opbout. Dan sette hja de gegevens derby dy't hja earder fêstlein hawwe, lykas de strjitnammen en de soarten fan diken, en jouwe de ferbinings tusken de diken oan.

Dy gegevens wurde dan ferwurke om persize plattegrûnen mei te meitsjen, dy't frij brûkt wurde kinne op websteeên lykas Wikipedia, dy't brûkt wurde kinne foar navigaasje op hânkompjûters en autokompjûters en dy't printe en fermannichfâldige wurde kin, alles sûnder kosten en sûnder beheinings.

Lês ek Wêrom de Iepen Plattegrûn meitsje (Ingelsk) foar wat mear oer de ideeên, of Meidoggersporteal (Ingelsk) foar technyske details.

Materiaal

Logo's In kolleksje fan OpenStreetMap logo's. (Ingelsk)
Promoasje-materiaal In kolleksje fan ús bêste kaarten en ôfbylden. (Ingelsk) En in koarte list fan promoasje-materiaal foar Iepen Plattegrûn. (Ingelsk)
Foarbyld-kaarten In beskriuwing fan nijsgjirrige plakken (Ingelsk), en de grutte kaart.

(Lês asjebleaft de OpenStreetMap-lisinsje (Ingelsk) ear't jo de kaarten publisearje; wy wolle graach dat de lêzers witte dat de kaarten frij en fergees brûkt wurde kinne, dat dat moatte jo der al efkes bysette by de publikaasje...)

Mienskippen In oersjoch fan de ferskate lannen en projekten dêr't mienskippen fan meidoggers oan wurkje. (Ingelsk)
Statistiken Statistiken fan hoefolle minsken meidogge en hoefolle gegevens sammele binne. (Ingelsk)
Yn de media Keppelings nei berjochten oer Iepen Plattegrûn yn de media. (Ingelsk)

Nijs

Jo kinne jo op de postlist oanmelde om op de hichte te bliuwen oer Iepen Plattegrûn (sjoch de Kontakt-side (Ingelsk)). Lês ek de nijsside oer frije geogegevens (Ingelsk) of sjoch op it oersjoch fan eveneminten (Ingelsk).

Foarbylden fan eardere OpenStreetMap-eveneminten binne it eilân Wicht (Ingelsk), dêr't sels groepen út Noarwegen op ôf kamen, en Mapchester (Ingelsk), dat stipe waard troch de universiteit fan Manchester.

Kontakt

Alle details fine jo op de Kontakt-side (Ingelsk).